Skip to content

Tradisjoneel komt ek dit jier in lytse moanne fan te foaren de folsleine Line Up fan it Aaipop-festival nei bûten. Yn totaal steane der 17 bands en artysten op de planken, ferdield oer trije poadia. De Kast sil Aaipop ôfslute op it Kij Lûd, De Doelleazen sille de teneftertinte op de kop sette en Chickens Go Mad sille yn de Hark en huverseal de blues de wrâld yn spylje. Lês alle ynfo oer de bands/artysten op dizze side, kopke Aaipop 2013 en dan bands en artysten.

Hasto gjin sin om alles op internet te lêzen? Fanôf 11 maart kinsto dyn kaartsje helje, mei fansels it bûsboekje derby!

Back To Top