We iepenje al betiid de kaartferkeap nei it grutte sukses fan ferline jier. Aaipop wie yn 2022 folslein útferkocht. Mei 2.500 man koe der nimmen mear by op it festivalterrein yn Nijlân.
Om alle besikers njonken de Harksankjeseal noch in plakje te jaan wêr’t hja rêstich mei inoar wêze kinne ha we harke nei ús fêste besikers.
Ferline jier waard de festivalsfear as tige noflik ûnderfûn, al misten guon besikers al in plakje om harren efkes rêstich deljaan te kinnen. It nije Troebadoerskafee kreëret in plakje wêr yn kroechsfear
genoaten wurde kin fan ferskate Fryske ferskers. Hjirmei breidzje we it festival út mei in ekstra lyts poadium. Kwa besikers oantal makket dit gjin ferskil as ferline jier, mar de besikers kinne
harren sa wol mear ferspriede oer it terrien. Ek de opstelling fan de iterij en de húskes makket dat it terrein better tagonklik wurd foar eltsenien.
Ien kear earder wie de Line Up fan it Aaipop festival grutter as de gebrûklike fyftjin artysten. Mei it 25ste jubileum fan Stifting Aaipop waard grut útpakt mei 25 bands ferdielt oer fiif poadiums.
Jierrenlang stienen der elts jier trije poadiums klear foar Frysktalige artysten. Fyftjin talinten as bekende Fryske sjongers makken de Line Up fan Aaipop kompleet. Alle jierren oare artysten. Dit jier binne der mar leafst 18 artysten programearre. Dit is ynklusyf Sipke de Boer dy’t foarôf oan it festival de bêrn fan basisskoalle leeftyd it Aaipop gefoel meijaan sil tidens Aaikepop. De lêste jierren is Aaikepop in fêst feestje foar de bêrn. Fan 13.00 oere ôf oant 14.00 oere binne de bêrn, mei harren âlders as begelieders fergees wolkom om te priuwen oan it echte Aaipop. It festivalterrein is dan foar harren iepen om te feesten en krekt sa mâl te dwaan as de âlderen letter op’e dei.
Fanôf twa oere ôf nimt DJ Jesse it Trûbadoerskafee oer fan Sipke. Hy iepent Aaipop 2023. Bisûnder, want Jesse is wierskynlik de eartst artyst dy’t net muzikant is dy’t op Aaipop spylje sil. Jesse is de winner fan Lytske Aaipop, om’t hy de ienichste opjêfte wie fan dizze talintestriid fan Stifting Aaipop. Fjirder sille Jacob Laverman, Jan Nota en Frerik de Swetser it nije poadium ynweidzje.
Yn de bekende Harksanjeseal stean Minke & Lucia, Sequens, Adri de Boer en Grytz en Grize programearre. De Tongertinte wurdt folle mei Tiidmasine, Tiger fan Greonterp, MC Remon – Lil Pier – Sample Text – Alexander Moto – Súdwest Shankers en De Doelleazen. Stoflik Omskot, Sletten, Jarretank en de ynternasjonaal bekende band Baldr’s Draumar en De Masters, bekend fan De Meesters mei Jelle B., slúte it poadium fan de Teneftertinte en it festival ôf op tradisjonele wize troch it spyljen fan it Frysk folksliet.
Al dizze bands sille oankundige wurde troch Rowan Veltman. Yn Fryslân is Rowan bekend fan SjONG en lanlik fan talintejacht Holland’s Got Talent. Dêr wie gjin finaleplak foar him, mar wol kaam hy as winner út de striid. Syn nûmer Myn Dream makke grutte yndruk op’e sjuery en de sjogeers fan dit tillevyzjeprogramma.