Skip to content

 

In bysûndere man mei in folslein eigen plakje binnen de Fryske muzykwrâld. Hy koe mei hurde taal yn in pear rigels dúdlik meitsje wêr’t hy op doelde. Dit talint sette dizze man yn om muzyk te meitsjen, mar ek hie hy  it talint om yn wier poëtyske wurden de harker in boadskip mei te jaan. Ek foar Aaipop wie dizze artyst in bysûndere ferskeskriuwer. Tidens ien fan de earste edysjes kaam hy as besiker nei ús festival yn de kroech. In waarme dei en der kaam in protte folk nei Nijlân. Dit soarge derfoar dat it feest bûten makke waard en ek dizze man wurke dêr op in bjusterbaarlike wize oan mei. Gitaar hie hy yn’e auto lizzen en hy seach dat der in protte folk wie dat net nei binnen koe as woe, dat hy pakte syn ynstrument en hy joech op eigen inisjatyf in wier bûtenkonsert, dat like him wol wat.

En it wie wat! Doede Bleeker wie in bysûndere man mei in folslein eigen plakje binnen de Fryske muzykwrâld.

Ferskeidende kearen hat Doede op Aaipop stien en alle kearen makke hy der in prachtich barren fan.

Doede paste hielendal by Aaipop en Aaipop paste hielendal by Doede.

Hy wie in bysûndere Doede, mei in eigen plakje binnen Aaipop.

 

Back To Top