Yn de fernijde opset yn gearwurking mei Friesland Pop binne it fjouwer bands dy’t meidogge oan Aaipop der op út – in Frysktalich talentstage. De band ‘Hazzefet’ en de nije trûbadoer fan Fryslân ‘Bruno!’ stride foar in plakje op Aaipop 2014. De oare twa bands ‘Babalive!’ en ‘Ald Sear’ litte ek fan harren heare op 8 maart yn Winsum. In fakkundige sjuery sil alle bands in opbouwend ferslach jaan, derneist roppe se in winner út dy it Aaipop festival op 21 april iepenje sil.
BabaLive! is oprjochte yn 2011, mar lit al aardich fan har heare. It nûmer Frije Friezen is it bekendste nûmer fan de band út de omkriten fan Wergea. Bruno Rummler is de man efter Bruno!, him kinne we fan it liet Simmer yn Fryslân, en it duet Sulveren Snie. De omrop wit syn platen al te finen en yn de kommende jierren sille we grif mear fan dizze nije trûbadoer heare. Hazzefet is in nije band, mar net mei ûnbekende muzikanten. Yn ferskate bands ha se al ris op Aaipop stien, de woartels fan Hazzefet lizze yn de 80’s. De lêste band is Ald Sear, frij fertaald nei it Frysk spylje se: âlde skoalle, ferskuorrend hurde punk. Mei û.o. Strawelte as ynspiraasje, gean de 5 man fan Ald Sear los, ek op dizze edysje fan Aaipop der op út.
Friesland Pop en Aaipop stribje itselde doel nei, it nivo fan de Fryske Muzyk omheech tille. Aaipop rjocht har foaral op it brûken fan it Frysk derby, Friesland Pop docht it yn breder ferbân. Tegearre kin se elkoar moai fersterke, dit dogge se in meardere projekten. Sa rint der no ek in projekt wêrby Fryske liet teksten oersetten wurde nei striptekeningen as cartoon. Op Aaipop 2014 sil dizze op grutte doeken útstalt wurde.