Skip to content

Nijlân – Op Peaskemoandei 6 april fynt alwer de 37ste edysje fan it Frysktalige Aaipop festival plak. Al jierren wurdt it terrein rûnom MFC  De Mande yn Nijlân ombouwt ta festival terrein. Dit terrein biedt romte foar sa’n 2000 Fryske muzykleafhawwers. Al sûnt 1987 biedt Aaipop allinich Frysktalige artysten in poadium. Dat makket dit muzykspektakel al jierren ûnderskiedend. Sawol de grutte bands as de begjinende artysten kinne plak krije op it Aaipop festival en der is altiten romte foar nije Fryske projekten. Elts jier biedt it Aaipop festival wer in nije ûnderfining.

Sa makket Hinnehok FM al jierrenlang spesjaal op Peaskemoandei de ynternet radio útstjoering ‘Aaipop Special’. De hiele dei bestiet it program út Fryske muzyk dy’t harkers sels oanfreegje kinne. Folslein bûten Stifitng Aaipop om is dit initiatyf ûnstien en dit jier slaan se de hannen yn mekoar. In folslein nij projekt op it festivalterrein. Yn it saneamde ‘Trûbadoerskafee’ sil de muzykûnderfining ‘De Stille Wille’ plakfine. De dûnsmuzyk wurdt fersoage troch Hinnehok FM en foar eltsenien sil de ûnderfining oars wêze.

Fanôf 13.30 oere is eltsenien wolkom op it terrein en it muzykfeest duorret oant 22.00 oere. Yntreekaarten binne te krijen fia www.aaipop.frl. Kaarten kostje yn de foarferkeap €25,- en op’e dei sels €35,-. Njonken it Trûbadoerskafee binne der noch trije poadia. De hiele dei troch sille ferskate artysten en bands hjir harren Fryske muzyk hearre litte. Wylst Aaipop alle jierren dwaande is de Fryske taal libbend te hâlden is dêr dit jier noch mear oandacht foar.

Back To Top