Stifting Aaipop en Friesland Pop gean gearwurking oan om Frysktalich-muzyktalint mear kâns te jaan, het talint-ûntwikkelingsprojekt start 2 febrewaris mei in foarronde yn It Badhûs te Westerein. Gau opjaan dus!
Sa wol Friesland Pop as Aaipop bestean dit jier 25 jier, alle reden om elkoar te fersterken op it mêd fan talintûntwikkeling. It doel fan de gearwurking is om Frysk talint mear ynspiraasje en motivaasje te jaan, dit dogge we troch meardere kearen in poadium te bieden; in Frysk Talent Stage. Dêrfoar binne wy op syk nei nije as begjinnende bands dy’t noch nea op Aaipop spile ha, sawol jong en âld is wolkom. De foarronde fynt dit kear plak op sneon 2 febrewaris yn Poppoadium It Badhûs yn’e Westerein.
De winner fan ‘Aaipop der op út’ fertsjinnet in plak op it grutte Aaipop festival peaskemoandei 01 april 2013. Troch de nije gearwurking mei Friesland Pop, krije alle bands in fakkundich sjuery-rapport, wat harren fjirder helpe kin om harren talint te ûntwikkeljen. Derneist krijt eltse band dy’t meidocht oan de foarrûnde noch in optreden oanbean, om mear poadiumerfaring op te dwaan.
Bands dy’t earder oan ‘Aaipop der op út’ mei dien ha binne û.o. De Hûnekop, Skraal, Rekker en Band en Redbad. Is dyn band de winner fan 2013? Fanôf 25 novimber kinne nije as begjinnende Fryske bands harren opjaan. Stjoer in meel nei ynfo@aaipop.frl mei ynformaasje oer de band, links nei jimme muzyk, sa dat de kommisje in kar meitsje kin tusken de ynstjoerings. De ynskriuwing slút healwei desimber.