Skip to content

Op it ‘Kij lûd’ sil klanken oer it terein klinke en daverje, klanken út it ferline. Twa bands dogge dat mei wurk fan helden dy oan de top fan de Rock wrâld stien ha. Frysellica en Stiet as quo, lang hoe we der net oer nei te tinken wat dizze bands bringe sille. En dan de reuny band fan Aaipop 2012, hjir bin we wiis mei, Bombarje! Dizze band makke namme yn de jierren ’90, spile it Rockhok op Aaipop al in pear kear plat, finaal plat! Se spylje noch ien kear, dus wês derby.

Frysellica spilet nêst de muzyk fan Metillca op syn Frysk, noch mear rockhits. Nimmen minder dan Piet Douma, Eks-Ramsk, Mink, Jelle B en Albert A sille der foar soargje dat Frysellica út de bocht fleant, en bliksems frjemd giet. Se spylje ûnder oaren ek wurk fan Iron Maiden, Motorhead, Ozzy, Rammstein en Slayer. Hmm, dat smakket nei mear!

Stiet as quo bestiet út in grop muzikanten diels mei Fryske roots, mar it praat giet dat der sels ynternasjonale muzikanten yn flein binne foar Aaipop 2012. Se binne drok besich mei harren earste cd, dy se letter yn it jier útbringe sille. Trije optredens op rij, de echte rockers sille moarn oan harren trekken komme.

 

Back To Top