Wylst de klok acht oere sloech, stie de stúzjeseal fol mei leafhawwers, Aaipop leafhawwers. De útstalling is iepene troch deputearre Jannewietske de Vries, de dokumintêre is yn premjêre gongen. De sketten mei dêrop it werom sjen yn byld en lûd nei de skiednis fan de Fryske Popmuzyk en fan it Aaipop festival. Nei it offisjele diel wie der romte om it oer al dy 25 jier te hawwen, en dat is bart. De opkomst wie heech, sa’n 150 man! Frijwilligers, artysten, meiwurkers, âld bestjoersleden, de parse, Aaipop-fans en ik ferjit grif minsken. Minsken dy de iepening ferjitten wienen kinne de hiele moanne april noch terjochte yn tresoar, de útstalling rint oant en mei 4 maaie. Letter foto’s fan de jûn.