Skip to content

Der binne al oanmeldings fan bandleden fan Bricquebec, Wiegel’s Wjukkelmasine, Sebeare, Turns 43, Bagger en oaren. Mar der binne fansels folle mear dy wy nije wike tongersdei 5 april ferwachtsje by de iepening fan de útstalling oer 25 jier Aaipop.

 

Opjaan is genôch, wy soargje foar in hapke en in drankje dizze jûn. Opjaan kin by tresoar@aaipop.frl.

 

Dus pak de tillefoan, belje dyn freonnen út de band en jou dy gau op!

Back To Top