Skip to content

Wy ha by dizze twa wolris faker in baltsje opgoait, mar dit jier happe se einlik ta. De nestoren fan`e Omrop, Fryslâns hope yn bange dagen. It klinkt elke freed wer as in klokje op`e radio.

Gurbe hat syn spoaren wol fertsjinne yn de Fryske muzyk. Syn nûmer ‘ Cliffs of Moher ‘ wie wer âld en fertroud de nûmer 1 yn`e Fryske Top 100 fan 2016. As âld bestjoerslid fan Stifting Aaipop hawwe wy in presintator strikt , dy ’t eksakt wit hoe ’t it wurket .

Willem is foaral bekend om syn program ‘Noarderwyn live‘, elke freedtemiddei op Omrop Fryslân. Yn in tiidsbestek fan trije oeren stjoert Willem seis oeren radio út , sa`n tûzenpoat is dy man. Kombinearre mei Gurbe, beide grut supporter fan Aaipop, fertrouwe wy der op dat de prestaasje hielendal goed kommen giet!

Back To Top