Skip to content

 

Justermiddei is Sascha Elisah útroppen ta winneres fan Aaipop der op út 2016.
Hja iepenet Peaskemoandei 28 maart om 14:00 oere Aaipop.
Azemleas harken Rikus, Johannes Rypma en Pieter de Boer as jury nei har hanneljen.
Om ’t se as lêste fan 5 kandidaten spile, wie it pas nei har sjo in diene saak.

Ben de Ruiter hie de toan set earder op ‘ e dei. De oanstoarmjende talinten fan Atrium, So be it, leine de latte dêrnei heech.
Gjin Belies dienen mei har op Springsteen basearre nûmers ek in aardige sint yn it pûdsje.
It fenyn fan dizze middei siet him lykwols yn ‘ e sturt.

Mei in snaarstrak optreden fan Mosken waard dúdlik foar de sjuery dat sy dizze groep rasmuzikanten te koart dwaan soene as sy dizze band om 2 oere middeis it festival iepenje lieten. Mosken binne dêrom wis fan in plak op Aaipop 2017, op in tiid dy ’t har muzyk better ta harren rjocht komme lit. Sa hat dizze edysje fan Aaipop der op út dus eins 2 winners : Mosken en Sascha Elisah.

Back To Top