Yn 2016 stie dizze band al op papier om mei te dwaan. Dat gong doe spitigernôch net troch, mar ôfrûne snein stie it as in hûs: Sequens. Prachtige Fryske teksten, in sjongeres dy`t kontakt makket mei it publyk: it wie in plaatsje. Wy kinne net wachtsje oant 17 april, want dan iepenje se ús festival. Se wurde klearstoomd troch in oar peareltsje dat we ûntdutsen tidens Der op út: Joop Obama. In jonge trûbadoer dy`t yn in sucht nûmers út syn mouwe skoddet. It festival start mei in feest, dat is wol dúdlik!