Ga naar hoofdinhoud

We iepenje al betiid de kaartferkeap nei it grutte sukses fan ferline jier. Aaipop wie yn 2022 folslein útferkocht. Mei 2.500 man koe der nimmen mear by op it festivalterrein yn Nijlân.
Om alle besikers njonken de Harksankjeseal noch in plakje te jaan wêr’t hja rêstich mei inoar wêze kinne ha we harke nei ús fêste besikers.

Ferline jier waard de festivalsfear as tige noflik ûnderfûn, al misten guon besikers al in plakje om harren efkes rêstich deljaan te kinnen. It nije Troebadoerskafee kreëret in plakje wêr yn kroechsfear
genoaten wurde kin fan ferskate Fryske ferskers. Hjirmei breidzje we it festival út mei in ekstra lyts poadium. Kwa besikers oantal makket dit gjin ferskil as ferline jier, mar de besikers kinne
harren sa wol mear ferspriede oer it terrien. Ek de opstelling fan de iterij en de húskes makket dat it terrein better tagonklik wurd foar eltsenien.

Njonken de twa lytse poadiums fan it Troebadoerskafee en De Harksankjeseal binne ek de bekende grutte paodiums yn de Tongertinte en de Teneftertinte wêr oanwêzich op it Aaipopfestival. De band
Jarretank spilet yn ien fan dizze tinte nei jierren ôfwêzigens en ek publyksleaveling De Doelleazen binne dit jier wer fan’e partij. Grutte nammen, mar dat seit neat oer de grutte fan it poadium. Jan
Nota en Adri de Boer draaie al jierren mei en dogge net ûnder foar dizze artysten. Hja stean programearre yn it nije Troebadoerskafee en De Harksankjeseal.

Back To Top