Skip to content

Hoe is it dochs mooglik, ôfrûne jier binne der wer in oantal nije bands of artysten út de Fryske grûn wei stampt. Sa stean der ek dit jier wol fjouwer op Aaipop dy’t der noch nea earder spile ha.

Jacob Laverman is der ien fan, hy wûn Aaipop der op út. In trûbadoer mei in rûge stim, rûge teksten, mar hy hat ta sein ek in balad te sjongen op 6 april yn Nijlân.

https://www.youtube.com/watch?v=ZeYgcnBNwwI

Rauzer rockt der lekker op los yn’t Frysk, eigen nûmers mar ek oersetten hits út it ferline fan û.o. Rolling Stones, La Bamba, Lynrd Skynrd, James Brown, Stevie Wonder, jimmy hendrix, Doobie brothers, franz ferdinand, Rage Against The Machine, Cheap Trick,en Pearl Jam. De mannen binne goed en fanatyk dwaande!

https://www.youtube.com/watch?v=g6Tp1UFbv8k

Trijexniks is al wrâldbekind yn de Wâlden, mar docht peaskemoandei de Greidhoek oan. Se spylje lekkere boerenrock, hielendal op harren plak op Aaipop.

Sjoch hjir foar mear ynfo oer TrijeXniks

Wiebe Kaspers sil mei band yn de LawAAIrûnte de dei iepenje, Wiebe Kaspers is mei trije wurden te beskriuwen: Muzikaal, muzikaal, muzikaal. It kin net net oars dat Fryslân de kommende 50 jier in soad fan dizze man mei syn band hearen giet.

Wy bin der yn elk gefal grutsk op dat we wer sa folle nijs oan it publyk sjen litte kinne. Mar ek dat we wer sa folle bands in poadium jaan kinne!

 

Back To Top