Skip to content

Nijlân – Nei in jier lang de hjitte ierappel foarút skowen ûntkomt it hjoeddeistige bestjoer net oan it trochslikken fan in bittere pil: Aaipop hâldt op. Sjoen de ûntwikkelingen fan de lêste jierren sjocht it bestjoer gjin takomst mear yn it fuortsetten fan it grutste Frysktalige festival fan de wrâld. De oprinnende regeldruk út de (lokale) oerheid, de hegere kosten yn it algemien en it amper rûn krijen fan in groep frijwilligers binne de redenen om no de handoek yn de ring te smiten.

‘We hawwe gjin wille mear oan it organisearjen fan Aaipop’, lit foarsitter Jeroen Postma optekenje. ‘Dat is in bikkelhurde konklúzje, mar wol de bittere wurklikheid. We hawwe it jierrenlang mei in protte wille dien, mar it punt wêrop it enerzjy kostet yn plak fan opsmyt leit al in skoft efter ús.’ Om’t it finen fan nij bestjoerstalint nei in moannenlange syktocht neat opsmiten hat, bliuwt der gjin oare opsje oer as in punt te setten efter it festival, wat yn 2024 noch syn 35e edysje fiere sil. ‘Dêrnei brekke we Aaipop ôf, sawol it festivalterrein as de administraasje. In lêste bestjoersútstapke besegelet it lot fan dizze fantastyske groep minsken. Peaskemoandei sil yn ‘e takomst, lykas yn it ferline, wer in stille dei wurde.’

Back To Top