Skip to content

In achtbaan fan emoasjes

De ôfrûne dagen is Aaipop in protte oer de tonge gien yn Fryslân. Nei ús berjocht oer it ein fan ús festival hawwe we in ferskaat oan reaksjes ûntfongen. Herkenning fan de problemen dy’t we beneamden wie dêryn wol de reade tried.

We wolle graach beklamje dat de gearwurking mei de gemeente Súdwest Fryslân tige goed is. We tinke wol dat der wat betreft eveneminten winst te beheljen is. Dêroer gean we kommende wike yn petear. Ôfrûne sneon hawwe ferskillende provinsjale politike partijen al mei ús praten oer de soms ferstikkende rigels omtrint eveneminten.

Ek wolle wy ús frijwilligers graach beneame. Hoewol it elk jier lestich is om de groep rûn te krijen, steane der hjoed 150 minsken frijwillich Aaipop mooglik te meitsjen. 150! Wat in groep. We binne se allegearre tige, tige tankber. Dy frijwilligers, dat is Aaipop.

Graach roppe we eltsenien op om ferienigingen, sportclub of stichtingen te helpen. Dêrmei meitsje we in prachtige mienskip yn Fryslân, mei geweldige feesten, sporten en oare saken mooglik. In oerke help makket al in grut ferskil.

Dan Aaipop. Want wat is de takomst fan Aaipop? Dy takomst is yn elts gefal Peaskemoandei 21 april 2025. Want fansels stopje wy net. Wy gean troch. En we stopje nea.

Wy wolle mei dizze, wat ús betreft, tige slagge 1 aprilgrap in warskôging jaan foar de takomst. Want no is it in grap, oer in jier of fiif of tsien soarget de regeljouwing en it net krijen fan genôch frijwilligers echt foar slachtoffers. Dat moatte we foarkomme, ten koste fan alles. Want in mienskip dy’t brûst, dy libbet!

Back To Top