Skip to content

Ja, we binne wer wekker! It festivalterrein is wer skjin, no ek wer tiid om it earste berjocht op de side te setten nei de 26ste edysje fan it Aaipop-festival. In baas feest, wat oars kin ik der net fan meitsje. By De Doelleazen it dak der ôf, by Marcel Smit mûsstil, pikefel mominten by De Kast. Letter fan’e wike in grutter ferslach. De webmaster hat juster fuort en daliks de foto’s op www.aaipop.nl setten. Stiesto der tusken?

Back To Top