Skip to content

De Doelleazen

Foarich jier koene dizze poadiumbisten it net litte, nije nûmers en knalle mei dy handel. It kin dit jier ek net misse dat it wer in grut feest wurdt at dizze heren op it poadium stean! Se goaie in feestbeest-beat ûnder bekinde fryske ferskes, hits fan Piter Wilkens, De Hûnekop, Strawelte en gean mar troch. Soene se ek wer nije hits ‘pimpt’ hawwe? Hantsjes yn de loft? Fuorten fan de grûn?

https://www.youtube.com/watch?v=FNpo6bJvpUM

Griene Dei 2.0 Johannes Rijpma en band

We kin him allegeare, elke keet stimde ôf op ‘The Voice’ in pear jier lyn. Johannes Rypma dy flikte wat nimmen ea tocht hie, hy liet hiel Nederlân in Frysk-poepke rûke. Foarich jier wie hy de presintator fan Aaipop en fertelde dat hy wolris in Greenday-projekt yn’t Frysk dwaan woe. Net neitinke dwaan fansels! It bekinde ferske, wat ek al yn de Fryske top 100 stie, hat spitich genôch in tryste oanlieding. It ferske in freon, is in oantinken oan in freon dy ferstoarn is. It kin net missen dat it nummer loans komt, mar dat der ek de sinnige kant fan Greenday hearre lit.

Marcel Smit en de hiele hannel

De tredde trûbadoer dy in band mei nimt op noch better foar it ljocht te kommen yn’t Rockhok. Marcel Smit hat krek in nije skiif útbrocht. Syn twadde album hjit ‘Mear muzyk’ docht it bêst, de kritiken binne posityf. Under oaren Beart Oosterhaven hat in resinsje skreaun en neamt Marcel Smit de Fryske John Hiat. Tegearre mei Gebrich van Dekken hat hy in pareltsje fan in plaat makke yn it moaie Wâldske taaltsje.

 

Back To Top