Sneon 29 septimber krijt Fryslân der in Nij Festival by. Op inisjatyf fan de Sadelrûkers stiet de Lawei dizze dei yn it teken fan “Frysk Bloed”! At der Frysk bloed yn in band sit, dan is Frysk Bloed in poadium dy at it mei sit jierliks werom komt. Mar yn elts gefal ek Fryske bands, sa as Skraal, Ljoubjr, Mariusz en de Sadelrûkers sels. Ek rikt de organisaasje dizze jûn in priis út: De Gouden Sadel, ek Stifting Aaipop is nominearre. Mear ynfo oer it festival is te finen op: www.facebook.com/fryskbloed.