Remmelt Boonstra, dy yn 1987 mei it Aaipop festival begûn is 4 septimber ferstoarn. De man dy fan in lyts Frysktalich feest, it grutste Frysktalige festival op de wrâld makke hat. Fanôf it earste momint, oant en mei de lêste edysje is Remmelt aktyf belutsen west, al wie de sûnens de lêste jierren wol in reden om it rêstiger oan te dwaan.
Sûnder mear bin wy Remmelt tige tankber wat hy foar it festival en de Fryske muzyk betsjutte hat. It 25 jierich jubileum is der in grytsk foarbyld fan, dat liet prachtich sjen hoe in lyts idee in grutte útwurking hant hat.
Wy winskje de famylje in protte sterkte ta en hoapje as bestjoer noch lang de Aaipop-roots fan Remmelt troch te setten yn de takomst.