Nei it presintearjen fan it nije logo en in (no al) fantastysk tal muzikanten foar Aaipop der op út, sille jim grif nijsgjirrich wêze nei de startdatum fan de kaartferkeap. Om der foar te soargjen dat jim de kommende tiid net wekker lizze fan dat ûnbekende: 27 febrewaris begjinne we mei de kaartferkeap fan Aaipop 2016.
Njonken de âld fertroude ferkeapadressen yn Nijlân, binne der dit jier ek wer kaarten te keap by Primera yn Boalsert. We besykje noch mear ferkeapadressen te strikken, sadat jim net fier hoege te reizgjen foar in kaartsje.
De maklikste kar om in kaart te keapjen, bliuwt fansels ús webside, mei sels in upgrade nei kaartferkeap 2.0. Aaipop moat ek in bytsje mei syn tiid mei, no?