Skip to content

We KINNE wer, we WOLLE wer, we GEAN wer!

Potverjanhinnekont, wat ha wy lang op dizze aaien briede moatten. De snaffeltsjes prikke wer foarsichtich troch de dop, wat mar ien ding betsjutte kin: Aaipop 2022! Kaarten binne fanôf NO beskikber yn de websjop.  Wa kinne jim ferwachtsje dit jier? No,…

Lês fierder

Aaipop 2021

Wenboulevard: ❌ Peaskebrunch mei dyn skoanâlden: ❌ Taksy of BOB noadich: ❌ Aaipop Thús: ✅ Je moatte tinke yn mooglikheden en al hoe't it no ek tsjin sit, it ljochtpuntsje is hjir! Peaskemoandei 5 april is der Aaipop Thús! Wy…

Lês fierder

Aaipop yn karantene

Ast in protte net mear meist, begjinst te sykjen nei saken dy't noch wol kinne. Fandêr dat wy op Peaskemoandei 'Aaipop yn karantêne' organisearje. Ferskate artysten ha meiwurke oan dit inisjatyf. Tank dêrfoar.  Op Peaskemoandei stjoere wy fanôf 14.00 oere…

Lês fierder

Aaipop 2020 ofsein

De pompeblêdsound stoppet nea, mar is net dôf foar wat der op dit stuit bart. De ûntwikkelingen steapelje harren de lêste tiid per oere op. Maatregels wurde ferlinge, no al oant en mei moandei 6 april. Om't wy in Frysktalich…

Lês fierder

Aaipop siket en fynt nije foarm fan promoasje

De lêste jierren is it dreech om Aaipop op in betelbere wize sichtber te meitsjen. Bygelyks de saneamde 'sandwich'buorden lâns de dyk mei eins nearne mear. Dêr't de iene gemeente in logysk belied folget ha wy yn ús gemeente (Súdwest-Fryslân)…

Lês fierder

Wetterputten oanwezich op Aaipop

Juster is in grutte ploech frijwilligers begûn mei de opbou fan it festivalterrein. Se ha yn de waarmte bealge om alles op tiid klear te krijen foar moandei. Dat it op tiid klear komt is wol wis, dêr sitte we…

Lês fierder
Back To Top