Skip to content

It sil net in ferrassing wêze, mar in Aaipop sa’t we it kinne komt der dit jier net. We hoopje wol wat oars delsette te kinnen, mar dat is ôfhinklik fan de maatregels. Pieter, ús muzykman, fertelde der oer by de Omrop.

As bestjoer sjogge we fansels nei de saken dy’t noch wol kinne. Sa ha we fanôf septimber 2020 moanliks in online gearkomste om ideeen mei elkoar út te wikseljen. Welke  fan de plannen we útwurkje, is op it stuit noch net bekind. Wannear’t dat wol it gefal is, hearre jim wer van ús!

Back To Top