Skip to content

Nei it 25 jierich jubileum giet it Frysktalige festival de grinzen oer.

‘Ljoubjr de Band’ hat yn it earste wykein fan septimber 2012 de primeur, spylje op in lytsskalich festival yn Wales, wêr oant no ta allinne bands spile ha yn it Welsh. Nea earder yn de skiednis fan it Aaipop-festival hat der in ynternasjonale útwikseling plak fûn. Hjirmei ûnderskriuwt de organisaasje nochris syn stribben om in mearwearde foar de Frysktalige popmuzyk te bliuwen.  It jout in Fryske band de kâns om in optreden te jaan op it festival mei de Welshke namme: ‘Gwyl Pen Draw Byd’. Oersetten yn it Frysk: ‘It festival op it ein fan de wrâld’, in grutter berik as dit kin it Aaipop-festival nea winskje!

Op de 26ste edysje fan it Aaipop-festival ha wer dermei fuort in dûbele primuer, as earste in optreden fan in band út Wales. De band mei de namme: ‘Helyntion Jos y Ficar’ (Oersetten: ‘De swierrichheiden fan Jos de Preker’), spilet yn in oan it Frysk besibbe taal sjoen de beide talen in minderheidstaal binne. Dat de band Ska-Reggae spilet is moai, de ôfrûne jierren is dit sjenre mist op Aaipop, it jierlikse festival op Peaskemoandei. Fia de Afûk is Aaipop yn kontakt kommen mei it festival yn Wales, de organisaasje hopet der in strukturele gearwurking fan te meitsjen.

De lokaasje fan it Festival yn Wales is mear dan unyk te neammen, it fynt plak yn in hotel yn it pittoreske Aberdaron, it meast Eastlikke kustdoarpke yn it Noarden fan Wales.

Back To Top