Skip to content

Aaipop der op út is al foar de 10e kear it bekerfuotbal fan Aaipop sels: de koartste wei nei in plakje yn ús line-up. Dit jier op in oare lokaasje yn`e provinsje as foarich jier, want wy wolle eltsenien ticht by hûs genietsje litte fan Fryske muzyk . Dit kear hat Easterein de ear krigen. Yn Noflik Easterein sil snein 12 febrewaris om trije oere middeis it smûke feest los gean. Jim hoege de wekker dus net te setten en kinne de sneontejûn gerêst op stap.

 

Alle muzikale sjenres binne wolkom, fan harksankjes en trûbadoers oant rock, blues, reggae, alternative, hiphop, rap, metal, punk en neam mar op. Eins is der mar ien echte betingst: der moat yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen songen wurde. Opjaan? Mail nei sjouke@frieslandpop.nl of info@aaipop.frl.

Back To Top