Skip to content

Oar in lytse moanne gean we wer los, heech tiid foar wat nijs oer de foarferkeap tochten wy sa! Krekt as oare jierren kinne jim op trije plakken in echt kaartsje foar Aaipop keapje: by de Herberch fan Nylân, Multifunksioneel sintrum De Mande yn Nijlân en fansels Primera yn Boalsert. Foardiel fan dizze foarferkeapadressen is dast der ek in blikje en in program by krigest! Foar minsken dy leaver ompiele mei harren snoadfoan is der de online ticketshop.

 

Eksakte details fan de iepeningstiden fine jim fanôf moandei 1 april ûnder it kopke Aaipop 2019. Snein 21 april is de lêste dei fan de foarferkeap, mar dan allinnich online!

Back To Top