Ga naar hoofdinhoud

Nei Waaipop yn 2016 en in wat gure edysje yn 2017 wurdt it wolris tiid foar in Aaipop mei moai waar. Jim wolle net witte wat der it ôfrúne jier offere is om dit foar mekoar te krijen: gêrs, blomkes, in programboekje fan 2018 en sels in hin (in heale, is fan it fjoer helle doe de koarst moai egaal brún wie). En it hat holpen! De foarsizzings lykje te wizen op in graad as 20. Wêr’t de wyn weikomt is noch net wis, mar gean mar út fanút rjochting Snits/Skearnegoutum. Matich oant frij krêftich sil Piet wol sizze.

 

Kaarten binne te keap oan’t en mei snein 21 april 23.59 oere fia de bekinde foarferkeapplakken. Oant moandei!

Back To Top