Skip to content

No goeie hoantsjes, hintsjes en oare pykjes dy’t noch net witte wat se binne. Wat hawwe we in moaie simmer fan leafde efter de rêch net? Hooplik hawwe jim der mei folle wille fan genietsje kinnen.

No’t it waar wat minder simmersk wurdt, briede wy alwer op’e aaien fan 2023. Sa’t it no liket komme de earste aaien út op sneon 21 jannewaris.

Jannewaris?! Jawis! Nei in ûnderbrekking fan fiif jier liket it ús wol werris tiid foar in Aaipop der op út as Lytske Aaipop, fêst bekender foar de fossilen ûnder ús.

In kâns foar Fryske sjongers, sjongeressen as bandsjes om in plakje te fertsjinjen op de hillige grûn fan de Fryske muzyk, in kâns foar oaren om ris net in sneontejûn yn jim tochtige keet te sitten, mar yn de waarmte fan De Herberch fan Nylân.

Opjaan? Mail nei ynfo@aaipop.frl en wy fertelle dy wat de bedoeling is. Opjaan as besiker is net noadich.

Back To Top