Skip to content

Konfrontearjend. It lêste stikje fanút Aaipop dat ik skreaun ha yn it Nijslân gie oer it ôfskie fan Roel Faber. Dat wie yn april foarich jier. Roel naam ôfskie
fan ús bestjoer, hy krige fan ús tagong ta it optreden fan syn band ‘The Rolling Stones’. Roel is dêr west. Hat genoaten, fan syn lêste konsert.
Dit stikje giet wer oer Roel syn ôfskie, mar no definityf. Teminste, fysyk, mar net yn tinzen.

Sa’t ik doe ek al skreaun is Roel 27 jier bestjoerslid fan Stifting Aaipop west. Dêrfoar wie hy al belutsen by Aaipop as frijwilliger. Roel wie doe
yn it Muziekcafé Nijland de man by de doar, kaartsjekontroleur. Hjirmei hat Roel 35 jier frijwilliger west fan ús festival. Letter waard Roel
presintator yn ús bekende ‘Harksankjeseal’, Roel syn seal. Roel waard sels programmeur fan dizze seal, en dêr wie hy grutsk op!

Yn it bestjoer hat Roel altyd de funksje fan skriuwer ynfolle, notulist. Seker de lêste jierren wie dit wol bysûnder, want, sa’t de minsken dy
Roel koenen wol witte, hearde hy net alles mear altyd goed. Dat net alles wat bepraten waard tidens in gearkomste kaam op papyr. Wy koenen der
altyd wol om laitsje, in skriuwer dy dôf is. Roel hat faak oanjûn, dat at wy him net mear brûke koenen binnen it bestjoer hy stopje soe. Dit
woenen wy net, want Roel wie ús nestor.De lêste jierren wie ien fan Roel syn fêste taken tidens de opbou fan it festivalterrein de Aaipop flage
yn top hise.

Ôfrûne moanne hong dizze flage yn tinzen healstok…

Tidens Roel syn bestjoersjierren hat Roel sawiesa twa minne tiden hant. Dat wie mei de tongblier, mond-en-klauwzeer, en koroana. Beide kearen koe
Aaipop net trochgean yn festival foarm en dat fûn Roel mar neat.

Doe foarich jier dúdlik waard dat Aaipop wer trochgean koe as festival joech Roel oan dat it syn lêste Aaipop wêze soe. Roel sei noait dat hy as
frijwilliger wol belutsen bliuwe woe. Wol at wy him dit freegden, mar út himsels hat hy dit noait tsjin ús sein. It wie Roel syn lêste Aaipop.
Útferkocht! Dit fûn Roel geweldich. In better ôfskie koe hy himsels net winskje.

Roel makke de kar om te stoppen binnen it Aaipop bestjoer om’t der kwa leeftiid in grut ferskil mei de oare bestjoersleden wie. Neffens Roel wie
hy twa kear sa âld. De hjoeddeiske bestjoersleden út Nijlân ha allegearre by master Roel yn’e klas sitten, dat hy hie in punt. Yn in ynterview fan
Noardewyn fan Omrop Fryslân yn juny foarich jier joech Roel oan dat wy as bestjoer op it goeie paad wienen.

Dy wurden nimme wy mei, de wurden fan ús nestor.

Back To Top